



De sé syn ivich streamende musyk,
dy 't gláns en wijing oan dyn nachten jowt,
dyn kliffen, dêr 't de swel roerdelings lâns strykt,
dy 't yn har steile flank syn nêsten bout,
De stiltme en it heimnis fan dyn wâld,
dat ryk oan dreamen fan 't forline is,
tusken dyn swiere bosken weagjend nôt,
en greiden, dêr 't it wyld by jountiid is;
It brune hart, dat tusken 't leechhout skimert,
lyk as it ek foar tûzen jierren wie;
d'ielreager, dy 't op hege spjirren mimert
en dyn domein oerskôget, wit hoe fier;
De goudfaisant dy 't op dyn ikkers prielet
en bearend opfljocht, as ik neijer kom,
wylst sinnefjûr syn goud mei goud oerstrielet,
hja hâlde dy, myn lân, sa wyld en jong,
dat sels de claxonlûden op dyn wegen
sûnder forsteuring yn dyn rêst forstjerre,
en ek de stielen fleanmesinen yn 'e hege
simmerloften neat fan dyn tsjoen bidjerre.
Yn dyn hertstocht en yn dyn dream bisletten,
leist tusken 't Klif en Fryslân's marrewiid,
forduldich dragend libben's gong en wetten,
yn hope wachtsjend op 'e nije tiid.
Hwant oan dyn iggen strûst oer sé en mar
de wyn út fiere frije romten oan;
dy makket lûd dyn bosk fan sang en klang,
en fait foreale yn dyn bûgjend koarn.
En as er sjongend oer dyn greiden strykt,
witstû de wytging fan syn suver liet,
forstietst, dat ienkear de binearing wykt
en Fryslân ta syn feest en frijdom giet.
Gedicht Inne de Jong
(1894-1975)
Gaesterlânsk Liet
O lân fan wâlden, ikkers, greiden,
Besletten tusken sé en mar,
Fan alle lannen hjir op ierde
Hâld ik myn Gaesterlân foar kar.
‘t Rûchhúster bosk, de griene singel,
En Bremers bûnte wyldernis,
Dit lân fan bloei en groei en skientme
Dit lân sa ‘t nearne in twadden is
Hwat bistû moai as yn 'e simmer
De harstwiich lâns dyn paden gloeit,
As yn 't strewel de rébok jachtet
En 't knyntsje oer de gerzen djoeit..
Hwat bistû moai, as yn ‘e maitiid
It libben brûst út toarre hout,
As lyster, fink en gielgau roppe
En al dyn pracht him rynsk ûntjouwt.
Jit leavje ik dy, as troch dyn beammen
It hjerstljocht stil en bleker blinkt,
It blêd fan boek en iik en bjirken
Yn ‘t djippe en wiete weinspoar sinkt;
Jit leavje ik dy, as yn it neijier
De stoarm syn wylde needhoarn stekt,
En ‘t rou gewelt fan wyn en weagen
Op dyn ûnwrigbre kliffen brekt.
En winterdeis as Noarmans trêdden
Sa hoar geane oer de hurde dyk,
As snie op alle beammen glinstert
Dan is dyn bosk in mearke allyk,
It mearke fan ‘e moaije sliepster
Bestjoend ta dream en skynbre dea,
Oant strak de prins fan alle prinsen
Har wekket mei syn fjûren pea.
O lân fan wâlden, ikkers, greiden,
Besletten tusken sé en mar,
Fan alle lannen hjir op ierde
Hâld ik myn Gaesterlân foar kar.
Hwerearne ik op ‘e wrâld ek swalkje
Oan Noarderigge of Suderstrân,
Myn hert bliuwt trou oan dy allinne
Myn âld, myn eigen Gaesterlân!
O, Gaasterland!
schoon Gaasterland!
Waar dat ik ooit mag zwerven,
moet derven of verwerven.
Ik voel mij steeds aan u verwant,
ik wijd aan u mijn hoofd en hand.
Ik wensch me een woning op uw zand,
en op uw grond te sterven.
Bergumer Courant:
17 aug. 1889